Plysje hat noch gjin spoar fan fermiste famkes

30 jul 2018 - 13:30

De plysje wit noch altyd net wêr't Kirsten Marreveld (14) en Emily Meijer (13) binne. De famkes binne al trije dagen fuort en foar it lêst sjoen yn Ljouwert.

Freedtejûn tsjin healwei tolven binne se ferdwûn út in ynstelling yn Ljouwert. Neffens de plysje binne se te gean ôfset. Beide binne se blond, en hiene se in tas by har.

It 13-jierrige famke wie ferline wike ek al ferdwûn. Doe waard se in dei letter weromfûn by it stasjon yn Ljouwert. Foarich jier novimber wie se ek al in kear fermist.

De plysje freget minsken dy't witte wêr't de famkes binne, om 112 te beljen.

Trefwurden: 
Ljouwert fermist
(advertinsje)