Ferwûne by slim ûngelok op A32 by De Blesse

By in ûngelok op de A32 tusken in auto en in frachtwein is de autobestjoerder slim ferwûne rekke. It ûngelok barde by De Blesse. Troch de botsing ûntstie in lek yn de tankauto mei gefaarlike stoffen.
Ferwûne by slim ûngelok op A32
Spesjalisten koenen it lek gau reparearje.
Fanwege de ravaazje is de rjochterrydstripe fan de A32 by Steenwijk-Noard noch ôfsletten. Rykswettersteat ferwachtet dat dat oant 16.00 duorret.
© CAMJO media