Fryske fytser deariden by oanslach yn Tadzjikistan

Ien fan de fjouwer fytsers dy't snein yn Tadzjikistan deariden is, is de 56-jierrige Fries om utens René Wokke. Dat skriuwt it AD.
It plak fan it barren yn Tadzjikistan © AKHBOR
Wokke wenne yn Amsterdam, mar komt út Drachten. Hy wie ek belutsen by de Bildtse Bierbrouwerij yn Sint-Anne.
It is noch hieltyd net dúdlik ûnder hokker omstannichheden de fjouwer fytsers - neist Wokke ek twa Amerikanen en in Switser - omkaam binne. De groep toeristyske fytsers waard oanriden troch in auto, wêrnei't de bestjoerder útnaaide.

Ferskate senario's

De autoriteiten yn Tadzjikistan hâlde rekken mei ferskate senario's: in ûngelok, in berôving of in terroristyske oanslach. De ambassade fan de Feriene Steaten giet út fan opsetsin.

Fertochten deade

Feiligenstroepen fan Tadzjikistan ha fjouwer fertochten deade nei it fytsdrama. Ien fan harren is nei alle gedachten de eigener fan de auto dy't de fytsende toeristen rekke. In fiifde man is oanholden, meldt it Tadzjykske ministearje fan Binnenlânske Saken.