Brêge Dronryp foar de tredde kear stikken

De brêge oer it Van Harinxmakanaal by Dronryp wie moandei foar de tredde kear yn fiif dagen stikken. Fanwege de maleur waard de brêge moandeitemoarn net betsjinne. Yntusken docht de brêge it wol wer.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ferline wike tongersdei bleau de brêge fanwege de waarmte ek al ticht. Fanwege de ekstreme hjitte setten brêgen rûnom yn Fryslân út en woene se net langer iepen of ticht. Nei't se kuolle wiene, koene de oare brêgen freed wer iepen. Allinnich de brêge by Dronryp moast langer ticht bliuwe.
Der komt in nije brêge by Dronryp. Bewenners meitsje harren soargen oer de helling fan de nije brêge, dy't te steil wêze soe foar fytsers en dêrmei foar ûnfeilige situaasjes soargje sil.