Ljouwert en Fryslân krije ferzje fan Monopoly

Fryslân en Ljouwert krije ynkoarten in eigen ferzje fan it populêre boerdspul Monopoly. Dit yn it ramt fan LF2018. It komt foar 50 euro yn de Poiesz-supermerken te lizzen.
© Poiesz
It spul krijt de namme Monopoly Leeuwarden-Fryslân 2018 en is fan 13 augustus ôf yn in lytse oplage te keap by alle Poiesz-supermerken. Poiesz hat 50 filialen yn Fryslân, mar ek 20 bûten de provinsje. Ek dêr lizze de boerdspullen, te keap foar 50 euro, yn de winkel.
Der komme in pear tûzen spultsjes yn de winkels.
Jan Hoitema fan Poiesz
"Wy ha ek wolris Alvestêdemokken yn de winkel hân en der wie net iens sa'n grut ferskil yn en bûten de provinsje", seit Jan Hoitema fan Poiesz oer de ferkeap. "Der komme in pear tûzen spultsjes yn de winkels te lizzen." Hoitema koe net sizze om hoefolle it krekt giet. "Mar wol mei trije nullen. Ik kin it net goed ynskatte, mar hûnderten is te min. Dêr is it te djoer foar."
De alve stêden, it skûtsjesilen, de Alvestêdetocht, it Fries Museum en it Woudagemaal fan De Lemmer; it is der allegear yn de nije ferzje. Kinst de Aldehou keapje of it Wadden Center op de Ofslútdyk. De ferneamde strjitten en pleinen út Ljouwert en de provinsje wurde deryn ferwurke. It hiele spul wurdt oanpast. Dus ek de doaze, de algemiene kaarten en it boerd. Poiesz ferwachtet der wol wat fan. "Wy fine it foaral leuk om te dwaan en binne in famyljebedriuw. Dan past Monopoly moai by ús."

Flylân

Monopoly Leeuwarden-Fryslân 2018 wurdt útjûn troch Identity Games, dy't yn 2003 ek al in Fryske ferzje fan Monopoly útbrocht. Flylân krige ferline jier ek al in eigen fariant op Monopoly.