Trije boeren ha bereiningsferbod oertrêde

Wetterskip Fryslân begjint tiisdei mei it útdielen fan boeten oan boeren dy't harren net oan it bereiningsferbod hâlde. Oant no ta binne der trije boeren trappearre by it oertrêdzjen fan it ferbod. Sy hawwe in warskôging krigen.
© ANP
It wetterskip giet derfan út dat it bereiningsferbod, sa't dat no jildt, foarearst net útwreide wurde sil. Mocht de drûchte noch langer oanhâlde, dan wurdt it ferbod mooglik yn de rin fan nije wike útwreide.

Situaasje drûchte stabyl

Neffens in wurdfierder fan it wetterskip is de situaasje op dit stuit wat de drûchte en de wetterkwaliteit oanbelanget stabyl. Wol konstatearje de meiwurkers fan it wetterskip dat de fisk "flau" reagearret. It kalamiteiteteam fan Sportfiskerij Fryslân hâldt dit yn de gaten en wurdt yn gefal fan need ynsetten om bygelyks mear suurstof yn it wetter te krijen.
Ek de kwaliteit fan it swimwetter yn de provinsje is stabyl. Op dit stuit is der by twa offisjele swimplakken blau-alch oantroffen.
Wetterskip Fryslân leit op de eigen webside út wat wol en wat net mear mei kwa bereinen.