Omrop TIP: Keatsteäter en PC-lotting live

30 jul 2018 - 09:33

Mei noch mar twa dagen oant de fiifde woansdei nei 30 juny, is it moandeitejûn tiid foar de tradisjonele lotting fan de PC. Diskear yn in wol hiel spektakulêr jaske mei muzykteäter deromhinne. Dat alles is fan 21.00 oere ôf live te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Lotting PC 2018: mei keatsteäter - Foto: Keatswike Frjentsjer

Yn de muzykfoarstelling op de jûn fan de PC-lotting stiet de keatsbal sintraal. Ferskate keatsferhalen komme foarby yn it teäterstik wêryn't ûnder oaren akteurs Theun Plantinga, Thijs Feenstra en Romke Gabe Draaijer in rol yn spylje. Dêrneist sil de lotting foar de PC fan 2018 plakfine.

De teksten en ferskes, dy't yn it stik foarkomme, binne fan Baukje Wytsma en Romke Toering. Peter van der Zwaag en Clara Rullmann ha ek lieten skreaun en de oare muzyk komponearre. Mei in koar fan acht minsken, in groep blazers en strikers, sille sy de muzyk live spylje mei it teäterstik.

De lotting fan de PC, mei muzykteäter, is op moandeitejûn live te folgjen fan 21.00 oere ôf op Omropfryslan.nl en fia de Omrop-app.

Woansdei 1 augustus is de PC de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op TV, radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De set de dei útein om 8.00 oere mei de taspraak fan de PC-foarsitter. Dêrop folgjend, om 9.00 oere, binne de partijen fan de earste oant de lêste slach te folgjen

(advertinsje)