Fryske jagers keare har tsjin foarnommen jacht op skriezen yn Frankryk

Fryske jagers fine it absurd dat yn Frankryk de jacht op skriezen mooglik wer iepene wurdt. "De precaire situatie waarin de broedvogelpopulatie van de grutto zich in ons land bevindt, geeft naar onze mening geen ruimte voor jacht op deze soort", skriuwe se yn in ferklearring.
Skries © Henk Bootsma
De Ljouwerter krante publisearre ôfrûne freed in artikel oer it foarnimmen fan Frankryk. De regio Fryslân fan de Koninklijke Jagers Vereniging wiist der op dat yn Fryslân alles dien wurdt om it tal skriezen ta nimme te litten. "Het zou naar de mening van de Friese jagers een slag in het gezicht zijn voor al deze beschermingsinitiatieven in Friesland."
De Friezen roppe it bestjoer fan de Nederlandse Jagers Vereniging op om har ynfloed yn Frankryk te brûken om it opnij iepenjen fan de jacht op de skries dêr foar te kommen.