Foar de tsiende kear betrape op ride sûnder rydbewiis

30 jul 2018 - 08:51

In automobilist is dit wykein foar de tsiende kear betrape op it riden sûnder rydbewiis. It giet om in 30-jierrige man sûnder fêst ferbliuwplak.

Foto: Omrop Fryslân

De man waard betrape op de Oostergowei yn Ljouwert. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke en syn auto is yn beslach naam. De man moast ek fuort noch twa iepensteande boetes fan mei-elkoar in lytse 200 euro betelje.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)