Kollum: "It ambacht"

30 jul 2018 - 08:33

Alle wurkdagen kin men de dei begjinne mei de kollum fan Fryslân fan 'e moarn. Foar twa moandeis op rige is it dizze simmer tiid foar Hiltje Bosma. In jong skriuwster mei in skerpe tonge, in eigen miening én gefoel foar humor. Wat de toan foar hjoed eksakt is? Mar gau harkje!

Bôle - Foto: Shutterstock.com

"Wa herkent it noch? De lucht fan waarme broadsjes en bôle dy't jo suver hast efter op 'e tonge leit as je by de kuorren en rekken yn de bakkerswinkel delrinne? De bakkersfrou dy't, fan efter it rút, nei jo swaait as se sjocht dat jo it binne, en de bôle foar hjoed alfêst op it hoekje fan de toanbank delsetten hat wannear't je oer de drompel binne?

It wurdt in krapte yn guon plakken; de echte ambachtlike bakker. De bakker dy't de bôle noch waarm efter it rút lizzen hat as je op moandei foar de hiele wike komme. It bestiet hast net mear. It is krekt oft it ambacht rûn guon beroppen liket te ferdwinen. Foar myn eigen gefoel benammen ûnder it mom "massa is kassa". No sit der fansels wol wat yn. Hoe mear asto ferkeapje kinst as bedriuw hoe mear ast fertsjinnest en hoe mear "bôle ast op 'planke hast". De kearside is dat alles masinaal dien wurdt en dus it amt foar it produkt ferdwynt. It is mar in lyts ploechje dat himsels ta de "fakidioaten" rekkenet.

Dizze fakidioaten hawwe in hert foar de saak. Se sjogge net allinne nei wat goed is foar harren sels, mar ek hoe't it produkt better wurde kin. Se sjogge nei wat de klant no wier wol. It gros sil no fine dat ik de grutte produksjebakkers tekoart doch, mar sa bedoel ik it net. Ik sis net dat sy net sjogge nei wat de merk docht, dêr sjogge sy grif nei. Dêr brân ik my de hannen net oan. Wol is it sa dat de fakidioat ek nei it yndividu sjocht en net allinne nei de komplete merk.

Smaak en lucht binne hjoed en de dei hiel wichtich en wannear't alles masinaal dien wurdt priuwe je dat werom yn it einprodukt. Der feroaret wat yn de struktuer. Dat begjint al mei it moal dat brûkt wurdt en de wize wêrop't it daai bewarre bliuwt. Beide bedriuwen hawwe hjir kunde fan, dochs as ik mei minsken praat, bûge se nei de idioat kwa bettere kunde. Echter keapje wy ús suf oan 1,- bôle by de super. Mei as ekskús "echte bôle is dochs wol djoer en dan falt dat fan de super noch net iens sa hiel bot ôf." Faak binne wy dan ûnderdiel fan wat gruttere groepen. Want sadree't je as minsken ien op ien sprekke, wolle se de bôle en de boltsjes it leafste waarm fan de bakker, mei in sean aaike, in bakje dampende DE en de Ljouwerter der oprôle njonken.

Oftewol, dy ambachtlike bakker is mear as allinne in idioat mei kunde, hy is in belibbing dy't al by de etalaazje begjint en einiget oan de keukentafel by Gerrit en Grietsje dy't graach op snein foardat se nei tsjerke geane noch efkes nei de Omrop harkje, en de krante lêze. Mar wol mei de waarme boltsjes fan de bakker.

Dochs komt der in punt dat de bakker fan Gerrit en Grietsje beslute moat oft der trou oan himsels en yn it amt bliuwt, of dat hy der in produksje op grutte skaal fan makket. De keunst soe eins wêze dat dy bakker dat kombinearret. In hiele sprong yn it djippe. It freget nammentlik om nije ynsichten dy't âld en nij mei-inoar ferbynt op sa'n wize dat nimmen der wat fan merke sil.

De fraach is dan, bestiet sa'n bakker wol? Myn antwurd? Ik hoopje it al. Oars haw ik as oansteande bakkersfrou in útdaging. En eins fûn ik, as skriuwster mei in útsprutsen miening en as fan, dat it al hiel spannend is om in eigen bakkerij te hawwen. In bedriuw is sawier in risiko dat je nimme, mar wat ik earder al sei, as ambachtlike bakker, is it in kar dy't in bakker faak noch wat bewuster makket, der sit gefoelsmjittich noch wer in folle grutter risiko oan. Want djoere bôle wurdt in krapte."

(advertinsje)
(advertinsje)