"Deade seehûnen riedsel foar opfang Skylge"

30 jul 2018 - 07:59

By de seehûne-opfang op Skylge steane se foar in riedsel nei't se fiif jonge seehûnen dea fûn hawwe yn in bûtenferbliuw. De bisten waarden fûn op 22 july.

Seehûnepup - Foto: Shutterstock.com

De seehûnen leine op in stalt, wylst meiwurkers it swimbad skjinmakken. Doe't se de seehûnen wer yn it bad litte woene, wiene se dea. De jonge bisten wiene de ôfrûne wiken fersoarge en stiene op it punt dat se werom de see yn koene. De kadavers binne nei it Veterinair Pathologisch Centrum fan de Universiteit Utrecht brocht.

Ut in earste ûndersyk dêr docht bliken dat de bisten sûn wiene. Der wurdt no tocht oan in firus as fergiftiging as reden foar it dea gean fan de seehûnen.

Hurd oankaam

Der is ferfolchûndersyk nedich om achter de oarsaak te kommen, mar dat kostet in soad jild. Neffens foarsitter Guus Schweigmann fan de opfang is de fynst fan de deade bisten hurd oankaam by de frijwilligers. "Het is net of je eigen kind is overleden", seit er. Op it momint dat it swimbad skjinmakke waard, wie it sa'n 22 graden. Oan de hjitte kin it neffens Schweigmann dan ek net lein ha.

Dochs hawwe se no maatregels nommen. Der is mear skaad kreëare en der is in sproei-ynstallaasje oanlein om de bisten koel te hâlden. "We doen er echt alles aan om de dieren te beschermen en willen alles uitsluiten", seit Schweigmann. Der waarden sân seehûnen opfongen, dêrfan binne der no dus noch twa oer.

(advertinsje)
(advertinsje)