De Amelander Vuurtoren Run giet dit jier net troch

30 jul 2018 - 07:50

De Amelander Vuurtoren Run, dy't alle jierren op it eilân hâlden wurdt, giet moandei net troch. Neffens de organisaasje is it noch te waarm yn de fjoertoer. It risiko foar de sûnens fan de dielnimmers is dêrtroch te grut.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

By de fjoertoerrun beklimme dy dielnimmers de treppen fan de fjoertoer yn sa koart mooglike tiid. It rekôr dêrby stiet op namme fan de Ljouwerter Klaas Modderman, hy hie yn 2013 hast 50 sekonden nedich om boppe te kommen.

Ferline jier diene der 50 minsken mei oan de 12e edysje fan de Amelander Vuurtoren Run.

Trefwurden: 
It Amelân Vuurtoren Run
(advertinsje)