Auto oer de kop en yn 'e brân by Balk

Op de N359 by Balk is moandei in frou ferwûne rekke doe't sy mei de auto oer de kop gie. De auto fleach dêrnei yn de brân.
In frou rekke ferwûne by in ûngelok op de N359 by Balk. © BTBfotografie
De frou gie yn de rjochting fan De Lemmer en kaam telâne yn de berm.
It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe. It slachtoffer koe sels út de auto komme en is nei it sikehûs brocht.
Auto over de kop en in brand bij Balk