Plysje hâldt man út Wommels oan op fertinking mishanneling

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in 23-jierrige frou út Snits. Se soe sneintemiddei mishannele wêze op de Ds. De Stoppelaarstrjitte yn Wergea. Doe't de plysje dêr oankaam waard de frou yn oerstjoere tastân oantroffen.
Plysje © ANP
De frou die oanjefte, wêrnei't de plysje útkaam by in 57-jierrige man út Wommels. Hy sit fêst. De plysje ûndersiket de saak.