Kalma fan SC Hearrenfean wichtich foar Oranje ûnder 20

Fenna Kalma fan SC Hearrenfean wie sneintejûn wichtich foar it Nederlânsk frouljusalvetal ûnder de 20 jier. De 18-jierrige spits út Haskerhoarne skoarde en joech in assist yn de oefenwedstriid tsjin Japan. It duel yn Groesbeek einige yn in lykspul: 2-2.
Oranje ûnder 20 mei Fenna Kalma steand, tredde fan links © www.orange-pictures.nl
Nederlân kaam yn de earste helte op efterstân troch in goal fan Riko Ueki. Fiif minuten foar it ein fan de wedstriid skoarde Kalma út in frije traap.
Dêrnei wie it noch net klear. Japan kaam opnij op foarsprong. Diskear wie it Fuka Kono. Yn de ultime slotfaze makke Nederlân dochs noch wer lyk. Kalma kopte in lange bal troch op Joëlle Smits dy't de einstân bepaalde.

WK

It wie foar de froulju de lêste test yn oanrin nei it WK. Folgjende wike snein spilet de ploech fan bûnscoach Michel Kreek de earste wedstriid tsjin Nij-Seelân. Gana en Frankryk binne de oare tsjinstanners yn de pûl.