Hoe sitte de Tall Ships Races krekt yninoar?

De Tall Ships Races dogge dit jier foar de twadde kear yn de histoarje de haven fan Harns oan. Fjouwer jier ferlyn wie Harns it startplak fan de ynternasjonale sylrace en dizze kear hawwe se de eare om de finish te fersoargjen.
© Arthur Smeets
Harns is lykwols net de earste Nederlânske stêd dy't as finish tsjinje mei, Den Helder (2008), Amsterdam (2000), en Delfzijl (1991) hawwe allegearre al ris finishstêd west. De jierlikse wedstriid hat in lange tradysje en in soad nijsgjirrige details.

Oarsprong

Hoewol't de skippen al iuwenlang op de ynternasjonale seeën aktyf binne, is de beneaming Tall Ship pas resintlik yntrodusearre. Dat barde nei de Twadde Wrâldoarloch doe't de skippen in nije bestimming krigen. Eartiids waarden de Tall Ships benammen brûkt om ladingen fan it iene lân nei it oare lân te skypjen, mar nei de oarloch krigen se de funksje fan opliedings- en wedstriidsskip. Yn dy tiid binne ek de Tall Ships' Races ûntstien: in ynternasjonale evenemint wêrby't in grut ferskaat oan sylreuzen yn wedstriidfoarm fan de iene nei de oare Europeeske haven farre. It wie de bedoeling om mei dizze race de jongerein entûsjast te meitsjen foar de âlde sylskippen.
De Ingelsman Bernard Morgan naam it inisjatyf foar de race, dy't by de earste edysje yn 1956 fan Torque, fia Devon nei Lissabon gie.
© Facebook, Tall Ship Wylde Swan

Dielnimmers

De Tall Ships Races binne bedoeld foar saneamde sylreuzen: grutte seeweardige skippen, meastentiids mei in fjouwerkant túch. De dielnimmers oan de Tall Ships Races wurde ûnderferdield yn klassen: A, B, C en D.
De ferskillen tusken de ferskate klassen binne ek goed te sjen by de dielnimmers fan dizze edysje fan de Tall Ships Races. Sa is dielnimmer 'Black Diamond of Durham' út Ingelân mar 14 meter lang en 17 meter heech: in lyts modern skip. Yn tsjinstelling ta de Kruzenshtern dy't 114 meter lang is, en 56 meter heech mei ymposante klassike seilen.
It wurd Tall Ships yn de namme Tall Ships Races referearret dan ek net oan de grutte fan it skip, mar hat mear te krijen mei de bemanning (de helte moat bestean út jongerein sûnder sylûnderfining).
Der dogge dit jier twa Fryske skippen mei, de Wylde Swan en de Artemis, en yn totaal farre njoggen skippen mei in Nederlânske flagge.

De Wedstriid

De wedstriid fan de Tall Ships Races bestiet út twa race-ôfstannen dy't inkele hûnderten nautyske milen lang binne, mei dêr tuskenyn in 'Cruise in Company' ôfstân, wêrby't gjin wedstriid syld wurdt, mar de tiid naam wurdt om mei-inoar yn de kunde te kommen, en miskien hjir en dêr in toeristyske haven te besykjen.
Foar dizze edysje sile de dielnimmers earst in racerûte tusken it Ingelske Sunderland en it Deenske Esbjerg. Hjirnei folget de 'Cruise in Company' fan Esbjerg nei Stavanger, wêrnei't de twadde en lêste race-etappe fan it Noarske Stavenger nei Harns rint.
© Omrop Frysl&an, Simone Scheffer

De Prizen

De dielnimmers oan de Tall Ships Races meitsje kâns op in grut ferskaat oan prizen.
Fierder binne der prizen foar:
De priisútrikking sil sneon 4 augustus wêze, likernôch om 17:00 oere hinne yn de Willemshaven.

Vlog

Nienke Sinnema docht mei de Tall Ships Races mei, en vlogt foar Omrop Fryslân oer har aventoeren op see. Sjoch hjirûnder har ûnderfiningen op de Wylde Swan, dy't op dat stuit ûnderweis is fan Sunderland nei Esbjerg
Nienke Sinnema vlogt ûnderweis