Bestjoer Ballonfeesten sjocht werom op "fiif moaie dagen"

29 jul 2018 - 19:43

Op De Jouwer waarden de ôfrûne dagen de Fryske Ballonfeesten holden. Sneon seach it publyk fanwege de hurde wyn net ien loftballon opstigen, mar dat wie snein gelokkich foar de minsken en it bestjoer oars.

Jelmer de Vries fan de organisaasje - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Bestjoerslid Jelmer de Vries oer de ballonfeesten

De minsken seagen snein 35 ballonnen de loft yn gean en dêr wie bestjoerslid Jelmer de Vries fan de Ballonfeesten bliid mei. "It wie hjoed kwa wyn better as juster", sei hy.

Nettsjinsteande dat de ballonnen sneon noch oan de grûn bliuwe moasten, wie De Vries tefreden. "Wy sjogge werom op fiif hiel moaie dagen. Der binne wer in soad minsken op ôf kaam." Sa'n 1.750 yn de earste dagen en it dûbele op sneon en snein, tocht it bestjoerslid.

Hjitte

De Vries seach ek even werom op de hjitte fan de ôfrûne dagen. "It wie in waarme start. Dat hat ús doe wat parten spile mei in lettere iepeningstiid en ûnderdielen dy't we yn it programma wat opskowe moasten."

(advertinsje)
(advertinsje)