Auto rekket by Hjerbeam fan dyk en bedarret yn sleat

29 jul 2018 - 18:17

In auto is sneintemiddei fan de A31 rekke en yn in sleat lâns de dyk telâne kaam. It ûngelok barde op 'e hichte fan Hjerbeam. Helptsjinsten binne nei it plak fan it ûngelok takaam.

Auto yn de sleat by Hjerbeam - Foto: Anton Kappers

De autobestjoerder wurdt troch ambulânsepersoniel neisjoen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net bekend.

Trefwurden: 
A31 autoûngelok Hjerbeam
(advertinsje)