Alfde oerwinning by frije formaasje foar Van der Bos-en-dy

Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wûnen sneon yn Seisbierrum en ek snein yn Arum wiene sy de bêsten. It wie alwer de alfde oerwinning foar it partoer dit seizoen. Yn totaal binne der achttjin frije formaasjepartijen keatst.
Taeke Triemstra, Tjisse Steenstra en Gert-Anne van der Bos © Henk Bootsma
Ynterview mei Taeke Triemstra
Yn de finale wie it partoer te sterk foar Marten Bergsma, Pieter Jan Plat en Jan Schurer: 5-1 6-4. Foar Triemstra wie de sege ekstra bysûnder: it wie syn 170ste keatsoerwinning. Teamgenoat Steenstra waard letter op de dei útroppen ta kening.
Ynterview mei Pieter Jan Plat

Oerwinning nûmer alve

Oer dy alfde oerwinningen moat opmurken wurde dat Van der Bos der ien kear net by wie. Dat wie yn Menaam. Johan van der Meulen ferfong him doe.