UPDATE: Brêge yn Strobos docht it wer nei steuring

De brêge oer it Van Starkenborghkanaal yn Strobos hat snein in skoft lang stikken west. De steuring is sneintemiddei rûn 15.00 oere ûntstien by it betsjinjen fan de brêge. Om 20.15 oere wiene de problemen foarby.
De brêge yn Strobos © De Vries Media
De brêge is by it iepengean healwei iepen stean bleaun. Dat soarge derfoar dat sawol ferkear op de dyk as op it wetter net fierder koe.
Sneintemiddei wie der ek in steuring oan de spoarbrêge HRMK by Ljouwert en ek dy koe dêrtroch net betsjinne wurde. Dy steuring wie letter op de middei wer foarby.