Winst foar Tuinenga, Wijnia en Scheepstra yn Arum
Sneintemiddei pakten Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra de oerwinning by de haadklassepartij yn Arum. In dei earder pakte it trijetal yn Seisbierrum ek al de winst.
It partoer wie yn de finale te sterk foar Nienke Sijbrandij, Sijbrandij en Marrit Zeinstra. It waard 5-5 en 6-0 foar Tuinenga-en-dy.
De tredde priis gie nei it partoer fan Elly Hofman. Sy keatste mei Marte Altenburg en Martzen Deinum.