Tour de Francewinner Thomas rydt Profronde Surhústerfean

29 jul 2018 - 16:37

Geraint Thomas rydt takom tiisdei de Profronde fan Surhústerfean. Earder waard al bekendmakke dat neist de winner fan de Tour de France ek Tom Dumoulin en Bauke Mollema harren opwachting meitsje sille yn de 37ste edysje fan de hurdfytswedstriid.

Geraint Thomas - Foto: ANP

Thomas en Dumoulin binne de nûmers ien en twa fan de Tour de France dit jier. It is de tsiende kear dat it de organisaasje deryn slagge is de giele truiwinner nei Surhústerfean te heljen.

In soad swit

Bestjoerslid Erik Jager fan de Profronde hie opnij syn sinnen set op de Tourwinner. Op ynternet skriuwt er dat it in soad swit koste hat, mar dat it sneintemoarn yn kalk en semint kaam wie.

Thomas nimt ek ploechgenoat Luke Rowe mei nei Fryslân. Oare fytsers dy't oan de start ferskine binne Mollema, Tom Jelte Slagter, Laurens ten Dam en Ramon Sinkeldam.

(advertinsje)