Berneboarterswike Ljouwerter wyk Nijlân siket frijwilligers

It duorret noch even foardat it safier is, mar de organisaasje fan berneboarterswike Jeugdland op sportpark Nijlân yn Ljouwert siket frijwilligers. Foar de 31ste kear wurde 450 bern in wike lang fermakke mei sport en spul, hutten bouwe en muzyk meitsje.
Hutten bouwe © ANP
De organisaasje siket noch frijwilligers fan 16 jier as âlder, dy't harren fan 24 augustus oant en mei 1 septimber ynsette wolle. Gadingmakkers moatte wol genôch úthâldingsfermogen ha om de hiele dei mei bern dwaande te wêzen, sa stelt de organisaasje. Opjaan kin fia www.kwil.nl.