Ynwenners Flylân krije fia nijsbrief antwurd op hierwentefragen

29 jul 2018 - 15:54

Trije leechsteande wenningen oan de Berkenlaan op Flylân wurde nei de simmerfakânsje opknapt en komme dêrnei wer yn de ferhier. Dat stiet yn in nijsbrief fan de gemeente.

Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Der wiene in soad fragen binnenkaam oer de hierhuzen. Bewenners fan it eilân fregen harren ôf wêrom't de huzen sa lang leech stiene, wylst der tagelyk in grut ferlet fan wenromte is.

Neffens de gemeente is wenningkorporaasje WoonFriesland dwaande mei in grut renovaasjeprogramma by de hierwenten op it eilân.

Nei de boufak

De huzen oan de Gangboord en De Drift binne sa goed as klear. Nei de boufak binne de huzen oan de Berkenlaan oan de beurt. It hie neffens de gemeente gjin doel om foarútrinnend op de renovaasje de huzen alfêst te ferhieren.

(advertinsje)