De Vries sânde yn sprintrace Formule 2 fan Hongarije

29 jul 2018 - 15:07

Nei de oertsjûgjende oerwinning sneon fan Nyck de Vries yn de haadrace einige de 23-jierrige autokoereur snein yn de sprintrace op it sânde plak. De oerwinning gie yn it Hongaarske Mogyoród nei Alexander Albon út Grut-Brittannië.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Op de Hungaroring moast De Vries, troch syn winst fan sneon, fan it achtste plak ôf begjinne. Hy klom yn de race op nei it it fiifde plak, mar koe dat net fêsthâlde. As sânde kaam er úteinlik oer de streek. Dêrmei stiet de koereur út Twellingea op it stuit fjirde yn it klassemint.

Spa-Francorchamps

Op 25 en 26 augustus ferskynt De Vries wer op de baan. Dan stiet it Formule 2-wykein yn België op it programma, op racesirkwy Spa-Francorchamps.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)