Auto slacht oer de kop op Sintrale As by De Falom
By in ûngelok op de Sintrale As is sneintemoarn in autobestjoerder ferwûne rekke. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In twadde ynsitter fan de auto kaam mei de skrik frij.
Ter hichte fan De Falom rekke de auto yn de slip, en dêrnei is er oer de kop slein. Helpferlieners wiene der gau by.
De plysje hat ien rydstrook ôfsetten. Neffens in tsjûge leit der in protte modder en oare rommel op de dyk.
It is net dúdlik hoe't it ûngelok gebeure koe. De plysje ûndersiket de tadracht.