Stikkenseagjen Jouster tunnel moat fierdere skea oan huzen foarkomme

29 jul 2018 - 10:45

De sloopwurksumheden oan de âlde tunnel yn de Hollandiastrjitte tusken De Jouwer en Skarsterbrêge binne wer oppakt. De sloop wie earder stillein omdat trije wenningen skea oprûnen troch de trillingen. Der is no keazen foar in alternative sloopmetoade. Hjirby wurdt de tunnel yn stikken seage.

Fan 't hjerst moat it wurk klear wêze. Dat stiet yn de lêste nijsbrief fan it projekt Knooppunt Joure. Dêryn wurdt ek melden dat de snelheidsbeperking fan 90 kilometer yn de oere by it knooppunt der nei alle gedachten ein augustus of begjin septimber ôfgiet.

Trefwurden: 
Hollandiastrjitte tunnel
(advertinsje)
(advertinsje)