Fermissing: Twa famkes fan 13 en 14 jier fuortrûn út behannelsintrum

29 jul 2018 - 10:01

Yn Ljouwert wurde twa famkes fermist. Se binne 13 en 14 jier âld, en se binne al twa dagen fuort. Freedtejûn tsjin healwei tolven binne se ferdwûn út in ynstelling yn Ljouwert. Neffens de plysje binne se te gean ôfset. Beide binne se blond, en beide hiene se in tas by har.

It 13-jierrige famke wie ferline wike ek al ferdwûn. Doe waard se in dei letter weromfûn by it stasjon yn Ljouwert. De plysje freget minsken dy't witte wêr't de famkes binne, om 112 te beljen.

Trefwurden: 
fermist
(advertinsje)
(advertinsje)