Ynstallateur krijt swiere brânwûnen troch stroomskok yn transformatorhúske

29 jul 2018 - 09:29

In meiwurker fan in ynstallaasjebedriuw hat in behoarlike stroomskok krigen doe't er yn Frjentsjer oan it wurk wie yn in transformatorhúske. De man hat swiere brânwûnen oprûn. Dat meldt de plysje.

Foto: GinoPress

De man wie sneontejûn oan it wurk oan de Kie yn Frjentsjer. Dêr besocht er in steuring te ferhelpen, mar dat gong mis. De man krige in skok. Hy koe op eigen krêft it transformatorhúske noch útkomme en stapte yn syn buske om help te sykjen.

In eintsje fierderop koe de man omstanners warskôgje. Dy ha 112 belle. Minsken fan de plysje en de ambulânse wiene der gau by. Neffens in plysjewurdfierder is it slachtoffer mei de traumahelikopter nei it sikehûs ta brocht.

(advertinsje)