Flylân hellet op sneontemiddei gjin âld papier mear op, dat is te gefaarlik

29 jul 2018 - 08:24

Op Flylân wurdt it âld papier aanst net mear op sneontemiddei ophelle. Troch de drokte yn it doarp is dat net mear feilich. Dat meldt de gemeente.

It papier wurdt ophelle mei in jiskewein. Foaral yn de Doarpsstritte soe dat gefaarlike sitewaasjes mei him meibringe. Net allinne foar de frijwilligers dy't it âld papier ophelje, mar ek foar toeristen en oare minsken yn it doarp.

It papier waard altyd nei ien oere middeis ophelle, mar mei yngong fan septimber wurdt dat oars. Dan wurdt it moarns dien. Yn it doarp is it dan rêstiger. It papier moat dan om njoggen oere by de dyk stean.

Trefwurden: 
Flylân âld papier
(advertinsje)
(advertinsje)