Plysje hellet stoflik omskot út kanaal by Warten

29 jul 2018 - 07:51

Op sneontemoarn is yn it Prinses Margrietkanaal tusken Warten en Sumar in stoflik omskot oantroffen. Dat meldt de plysje. It giet om it lichem fan in 69-jierrige man út de gemeente Opsterlân.

By it ûndersyk fan ûnder oare de resjerzje en de wetterplysje binne gjin spoaren fan in misdriuw oantroffen. It lichem is oerdroegen oan de famylje.

Trefwurden: 
plysje stoflik omskot
(advertinsje)