Auto rekket fan dyk en bedarret yn sleat by Nyegea

28 jul 2018 - 23:21

In autobestjoerder is sneontejûn op de Wâldwei yn de fangrail riden en dêrtroch yn in sleat lâns de dyk bedarre. It ûngelok barde by Nyegea.

De auto - Foto: De Vries Media

Twa ambulânses en de plysje kamen dêrnei nei it plak fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto rekke net ferwûne, mar moast wol mei nei it plysjeburo om in bloedproef ôfnimme te litten.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe is noch net dúdlik. De Verkeersongevallenanalyse sil hjir ûndersyk nei dwaan.

Trefwurden: 
Wâldwei autoûngelok Nyegea
(advertinsje)
(advertinsje)