Keunstmoanne Amelân fan start

05 nov 2011 - 09:48

De keunstmoanne wurdt sneon op It Amelân iepene. It evenemint wurdt foar de 15e kear hâlden. Deputearre Jannewietske de Vries en de Sweedske ambassadeur binne by de iepening. Sa'n 60 keunstners litte har wurk ferspraat oer it eilân sjen.

It tema is 'Eb & Vloed' en der is wurk út Nederlân, Sweden, Denemarken en Dutslân. It wurk is te sjen yn hotels, apparteminten, tsjerken en galeryen. De keunstmoanne duorret oantemei 30 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)