Fierljeppers fan It Heidenskip winne NFM yn eigen doarp

Mei in sprong fan 20.41 meter wûn Oane Galama sneontejûn yn eigen doarp de tritichste edysje fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje (NFM) op It Heidenskip.
Oane Galama © Martin de Jong
Oan de NFM koe elkenien meidwaan en dus kamen de dielnimmers sneon fan rûnom nei It Heidenskip om te striden foar de titels. Eartiids wie it benammen in wedstriid foar amateurs, mar ek de grutte nammen út de fierljepwrâld dogge mei. It NFM wurdt sjoen as it iepen Nederlânsk kampioenskip.

Thúswedstriid

By de manlju wie Galama foar it earst yn syn lange fierljepkarrîere de bêste. Yn syn thúswedstriid bleau er Nard Brandsma út Warkum (20.11 meter) en Ricardo Faaij út Haastrecht (19.31 meter) foar. Sy einigen respektyflik op it twadde en tredde plak.
Oane Galama wint NFM yn eigen doarp
Oane Galama is út de skroeven mei syn oerwinning
Tessa Kramer wûn by de froulju en ek foar har wie it in thúswedstriid. Oer har 14.66 meter gie gjin inkele konkurrinte. Akke Dijkstra út Bûtenpost (14.45 meter) waard twadde en Julia van Eijk út Haastrecht (14.22 meter) tredde.
25 jier yn stie der ek in Kramer op it poadium. Doe wûn de mem fan Tessa, Etty Kramer-Spriensma de haadpriis by de froulju.
De ferrassende NFM- winner by de froulju Tessa Kramer
Galama en Kramers doarpsgenoat Freark Kramer sprong mei 18.13 meter it fierst by de junioaren. Jan Teade Nauta út Drylts (17.87 meter) pakte yn dizze kategory it sulver. It brûns wie foar Rutger Piersma fan It Heidenskip (17.78 meter).
Freark Kramer kampioen junioaren
De winners fan it NFM op It Heidenskip © Martin de Jong

Jonges en famkes

Reinier Overbeek út Benschop wûn mei 17.90 meter by de jonges. Stefan Douma út Toppenhuzen (17.35 meter) waard twadde. Dit betsjutte foar him in pr. Tredde waard Wisse Broekstra út Tsjummearum (15.36 meter).
By de famkes wûn Demi Groothedde út Jaarsveld mei in sprong fan 14.03 meter. Bente Vlas út Heech (12.67 meter) pakte de sulverjen medalje. It brûns gie nei Suzanne Mulder út Vlist (12.64 meter).