LIVE: Nederlânske Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip

28 jul 2018 - 19:52

It is de tritichste edysje fan de Nederlânske Fierljep Manifestaasje (NFM). It is ien fan de wichtichste fierljepwedstriden yn Nederlân en Omrop Fryslân is der live by.

Elkenien kin meidwaan oan de NFM, en dus komme de ljeppers sneon fan rûnom nei It Heidenskip om te striden foar de gouden, sulveren en brûnzen prizen. De wedstriid bestiet út ferskate foarrondes, en in finale.

De dielnimmers kinne har fia dizze foarrondes pleatse foar de finale, dan moatte se lykwols wol in bepaald limyt ljeppe. Eartiids wie it benammen in wedstriid foar amateurs, mar tsjinwurdich binne ek de grutte toppers oanwêzich by de NFM.

(advertinsje)
(advertinsje)