Brânwacht freget boskbesikers auto's goed te parkearjen

De brânwacht yn Fryslân docht in berop op besikers dy't de kuolte fan de bosken opsykje, harren auto's goed te parkearjen. Minsken sette harren auto faak sa del, dat de brânwacht yn it gefal fan in natuerbrân net goed by de brânkearn komme kin.
© De Vries Media
Koördinator Henk Schuijn fan de brânwacht
Neffens koördinator Henk Schuijn hat de brânwacht de romte hurd nedich. Sa waard de iennige tagongsdyk nei de brân yn de bosk by Appelskea ôfrûne wike blokkearre troch ferskate auto's.

Spesjaal materieel

It is by natuerbrannen fan grut belang om sa gau mooglik te dwêsten. De brânwacht set by de natuerbrannen spesjaal materieel yn, dat oanpast is oan de omstannichheden. Bygelyks tankautospuiten mei oandriuwing op alle tsjillen, dy't goed troch natuergebieten ride kinne.
Dêrneist hâldt de brânwacht grutte bakken mei wol 15.000 liter wetter efter de hân, sadat der genôch bluswetter is.