Partoer Van der Bos yn finale mei oermacht lâns Kingma-en-dy

28 jul 2018 - 18:15

It partoer fan Gert-Anne van der Bos hat sneontemiddei de haadklassepartij yn Seisbierrum wûn. Yn de finale wie Van der Bos mei Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra te sterk foar Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar: 5-1 6-2.

F.l.n.r.: Gert-Anne van der Bos, Tjisse Steenstra en Taeke Triemstra - Foto: Henk Bootsma

Steenstra waard letter op de middei útroppen ta kening. It partoer fan Peter van Zuiden waard tredde. Van Zuiden keatste mei Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.

(advertinsje)