Tuinenga-en-dy winne finale haadklassekeatsen yn Seisbierrum
It partoer fan Ilse Tuinenga hat sneontemiddei de haadklassepartij yn Seisbierrum wûn. Yn de finale wiene Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra mei 5-3 6-4 te sterk foar Elly Hofman, Marte Altenburg en Martzen Deinum.
Letter op de middei waard Tuinenga keazen ta keninginne. De striid om it tredde plak waard wûn troch it partoer fan Nynke Sijbrandij, Wiljo Sijbrandij en Marrit Zeinstra. Dit trio wûn de treastfinale fan Anne Monfils, Margriet Bakker en Harmke Siegersma mei 5-3 en 6-4.