Frachtweinsjauffeurs beskermje ferwûne motorrider op Wâldwei

Twa sjauffeurs ha freedtejûn harren frachtweinen sa delset, dat se in ferwûne motorrider op de Wâldwei beskermje koene. De motorrider ried yn in groep en gie by Ljouwert troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút.
De motor © Kappers Media
De twa sjauffeurs seagen it ûngelok barren en parkearren harren frachtweinen sa op de rjochter rydstrook, dat it oare ferkear de ferwûne motorrider net reitsje koe.
De motorrider rekke by it ûngelok ferwûne en waard mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.