Metalfestival Dokk'em Open Air komt werom, en der feroaret eins neat

28 jul 2018 - 13:04

It metalfestival Dokk'em Open Air krijt in ferfolch. Yn 2016 wie de lêste edysje. De organisaasje fan it festival wie nei dy edysje ta oan skoft, sa sei organisator Jort Visser doe.

"Het organiseren van een festival brengt veel werk met zich mee en is niet zonder financieel risico," sei Jort Visser fan de organisaasje yn 2016. "Daarnaast hebben we zes keer in elf edities moeten wisselen van terrein. Dat is elke keer weer een uitdaging."

"Dokk'em Open Air is een vaste waarde geworden in de regio. Maar na al die jaren heeft de organisatie behoefte aan een pauze. Vanwege de drukte met onze banen, eigen bedrijven en gezinnen willen we graag even op adem komen."

Tolfde edysje

No komt der dochs in tolfde edysje. Dat meldt de organisaasje online. Takom jier is it safier, op 28 en 29 juny, op de Parkleane yn Dokkum. Dêr wie it festival ek yn 2014 en 2015. "De beste locatie die we tot nu toe hebben gehad. Bomen, veel gras in combinatie met verharde aanloopwegen zorgen voor een perfecte festivalsfeer," seit de organisaasje.

De formule fan it festival, mei in grut poadium yn de iepen loft, bliuwt gelyk oan de eardere edysjes. Nei de simmer makket de organisaasje bekend hokker bands oft der optrede sille. Dan begjint ek de ticketferkeap.

Trefwurden: 
Dokk'em Open Air
(advertinsje)