Strânpaviljoen Starum wurdt sloopt nei útslaande brân

28 jul 2018 - 11:57

De eigners fan strânpaviljoen De Potvis yn Starum hoopje op koarte termyn in needlokaasje te regeljen, sadat se de rest fan it seizoen dochs noch omset draaie kinne. It gebou moat sloopt wurde. Tongersdeitenacht wie der in útslaande brân.

It is noch mar de fraach oft it slagget om op koarte termyn in needfoarsjenning te regeljen. Nije wike oer begjint de boufak. De eigners tinke dat it net mear helber is om foar dy tiid alles foar mekoar te hawwen.

It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Doe't de brânwachtminsken oankamen, koenen se it gebou al net mear yn. Se ha fan bûtenôf blusse moatten.

Sneon wurdt it strânpaviljoen sloopt.

Trefwurden: 
Starum De Potvis
(advertinsje)