Trije brannen yn twa dagen: Is der in brânstichter aktyf op Skiermûntseach?

28 jul 2018 - 11:10

De plysje fan Skiermûntseach ûndersiket oft der sprake is fan brânstichting op it eilân. By de tredde brân yn twa dagen tiid stelden brânwachtminsken freed fêst dat der trije brânkearnen wienen. Dat liket miskien fertocht, mar sjoen de drûchte soe it ek tafal wêze kinne, seit in brânwachtwurdfierder.

Ingrid Weerd fan de brânwacht oer de mooglikheid fan brânstichting

Plysje en boskwachters fan Natuermonuminten sille de kommente tiid ekstra surveillearje op it eilân, fanwege it risiko op brân. Dat meldt de gemeente Skiermûntseach.

Boargemaster Ineke van Gent ropt bewenners en toeristen op om ekstra wach te wêzen. ''Houd ogen en oren open, en meld natuurbranden direct via 112. Dit is belangrijk voor de veiligheid van onze inwoners, gasten en natuur."

Foto: srfotografie

De brânwacht warskôget al langer foar de gefaren fan de drûchte fan de ôfrûne wiken, yn kombinaasje mei de felle sinne. De kâns op in brân is dêrtroch grut, seit de brânwacht. In waarme útlaat, of in glêsskerf, kin samar brân feroarsaakje.

Dat der op Skiermûntseach yn twa dagen trije brannen wienen, kin dus ek tafal wêze, seit Ingrid Weerd fan de Fryske brânwacht. Se hâldt wol rekken mei oare senario's. "Het is moeilijk te zeggen. Maar brandstichting is zeker iets wat onderzocht wordt."

De direkteur fan de feilichheidsregio, dêr't de Fryske brânwacht ûnder falt, lit witte dat er in protte respekt hat foar de brânwacht op it eilân, en foar de partners fan de brânwachtminsken, neidat se yn sa'n koarte tiid mei safolle brannen konfrontearre wurde. "Je moet het maar doen met deze hitte," seit er op twitter. De temperatuer op de waadeilannen kaam de ôfrûne dagen boppe de 30 graden út.

De trije brânkearnen fan de lêste brân wienen by de fjoertoer, oan de Noardkant fan it eilân. Yn totaal is der 700 kante meter rûchte ôfbrând: twa gebieten fan 300 kante meter, en ien stik fan 100 kante meter.

Om de brannen te bestriden krigen de eilanner brânwachtlju freed help fan ekstra brânwachtminsken fan de fêste wâl. Op it eilân steane twa brânwachtauto's, en in terreinauto mei in wettertank mei 1000 liter bluswetter. Normaal stiet der mar ien brânwachtauto op Skiermûntseach, mar fanwege de drûchte wie der al in ekstra wein op it eilân stasjonearre. Op Flylân is dat ek sa.

Tongersdei wie de grutste brân op Skiermûntseach. Doe is 15.000 kante meter rûchte ôfbrând, op de westpunt fan it eilân.

Freedtemiddei wie der opnij brân, midden op Skiermûntseach. Dy brân wie rillegau ûnder kontrôle. De brân fan freedtejûn wie mei troch de help fan boeren mei jarretanks fol wetter ek fluch út.

(advertinsje)