It KNMI ferwachtet swiere tongerbuien mei wynstjitten, hagel en rein

28 jul 2018 - 09:38

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege ferwachte tongerbuien. Dêr kinne ek wynstjitten yn sitte fan sa'n 60 kilometer yn de oere. Mooglik komt der ek hagel, en in soad rein yn koarte tiid.

Foto: www.pexels.com

Waarman Jan Jonkman oer it waar fan de kommende tiid

It KNMI warskôget it ferkear foar de waarsomstannichheden. Bûtendoaraktiviteiten kinne der ek lêst fan hawwe. Minsken wurde oanret om it iepen wetter net op te gean, en ek op it lân kinne se iepen gebieten better mije. Koade giel jildt sneontemiddei fan ien oant seis oere.

Glêde diken

Rykswettersteat warskôget foar glêde diken, fanwege de rein dy't foar sneon foarsein is. Nei in tiid fan drûchte leit der der smoargens op 'e dyk, en as de earste rein falt kin der dêrtroch in laach ûntstean dy't sjippeglêd is.

Rykswettersteat advisearret om de snelheid oan te passen, en om genôch ôfstân te hâlden. As it fûl reint is de glêdens der net, seit de organisaasje, omdat de smoargens dan troch it reinwetter fuortspielt.

Nasjonaal Hitteplan giet it laad wer yn

Earder dizze wike waard koade oranje ôfjûn fanwege de ekstreme hjitte. Dy koade is yntusken ynlutsen. En it RIVM hat it Nasjonaal Hitteplan ek wer ynlutsen. It waard ôfrûne moandei ynsteld om ekstra omtinken te freegjen foar kwetsbere minsken, sa as âlderen of groanysk siken. Under oare de thússoarch-organisaasjes holden de kliïnten ekstra yn de gaten.

Der wie ek krityk op it plan, ûnder oare fan âlderenorganisaasje ANBO. Dy fynt dat it fol stiet mei iepen doarren. Omdat de temperatueren no omleech geane, is it nasjonaal hitteplan foarearst net mear nedich.

Trefwurden: 
koade giel KNMI tongerbuien
(advertinsje)