Apparteminten Hearrenfean ûntromme fanwege brân, bewenners steane midden yn de nacht op strjitte

28 jul 2018 - 09:17

De bewenners fan in appartemintekompleks op It Hearrenfean binne yn de nacht fan freed op sneon troch de plysje út hûs helle omdat in brân yn in konifearehage drige oer te slaan nei de wenningen. Dat wie om kertier oer twaën hinne. It kompleks rekke skansearre, mar it fjoer is net oerslein.

Foto: De Vries Media

Brânwachtminsken fan It Hearrenfean en Tsjalbert hiene it fjoer gau ûnder kontrôle. Dêrnei ha se op de dakken fan de apparteminten kontrolearre oft der neat mear smeulde. En pas neidat se ek fêststeld hienen dat der net tefolle koalstofdiokside yn de wenningen wie, mochten de bewenners wer nei hûs.

Ien fan de wenningen oan de Surinamesingel hat wat brânskea oprûn. En der is ek skea oan de gevel. De stichting Salvage sil de bewenners stypje by it werstellen fan de skea.

Der is net ien ferwûne rekke. Plysje- en brânwachtminsken ha net bekend makke wat de oarsaak west hat fan de brân yn de konifearehage.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân
(advertinsje)
(advertinsje)