Jiskewein dumpt lading âld papier op de dyk

28 jul 2018 - 08:23

In jiskewein fol mei âld papier is freedtejûn yn de brân flein op de N354 by Tsienzerbuorren. Under it riden seach de sjauffeur dat der reek út de laadbak kaam. Hy tocht earst dat de lading yn de brân stie, en dêrom kypte er al it papier op de parallelwei.

Foto: CAMJO Media

Doe't al it papier op de parallelwei lei, kaam der noch hieltyd reek út de frachtwein. Neffens in tsjûge hat de brânwacht in waarmtebyldkamera brûkt om út te finen wêr't de brân krekt wie. Dêrnei koe it fjurke gau blust wurde.

De parallelwei wie ticht ûnder blussen, krekt as ien rydstrook fan de N354.

(advertinsje)
(advertinsje)