Kollum: "Yn de bleate kont om hûs drave"

28 jul 2018 - 08:22

"It jier 2018 sil wat de simmer oanbelanget de rekôrboeken wol yngean. Mar om earlik te sizzen hat de drûchte fan it jier 1976 op my folle mear yndruk makke. Guon fan jim sille der doe noch net iens west ha, mar ik wie doe in jong broekje fan sân jier en wenne op in boerepleats oan it fuottenein fan Oranjewâld. It moaiste plakje fan de wrâld hienen wy dêr. Midden de bosken en der wie altyd oanrin op de pleats.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Op dat streekje dat Brongergea hjit, wienen doe noch in stik as fiif boeren, dêrnjonken wie der in entrenemint foar draafhynders. Dat lêste is der noch, de boeren binne troch de skaalfergrutting al lang út Oranjewâld wei. Der wienen yn dy jierren stikken lân fol mei blommen en greidefûgels, der waard rûge dong útriden en tinne jarre oer it lân brocht. As der in foks wie, rêden de jagers, de wildbeheerseenheid fan no, der mei. Alle boeren hienen in dongbult en fan in kelder foar driuwdong hie nimmen by ús op de buert ferlet.

As jonkje ha ik in kear in das sjoen by ús kuilbult en ha doe fan opwining Hans de Jong belle. De eardere waarman fan de Omrop, dat doe noch Radio Fryslân hjitte. In das wie doe noch nijs, krekt as in foks. Hans de Jong fertelde dan yn syn waarpraatsje oer it nijs út de natuer en ik wie as jonge fan sân fansels sa grutsk as wat dat hy myn namme neamde.

Yn it jier 1976 krigen we itselde waar as we no ha. Doe wie der noch in grut oantal minsken wurksum yn de agraryske sektor. It waar wie it praat fan de dei. Net dat de barbekjû oan koe of dat je goed ynsmarre en genôch drinke moasten, want dat koenen de minsken doe sels noch betinke. Dat hoegde Hans de Jong ús net te fertellen.

De drûchte yn Oranjewâld wie freeslik. Der groeide allinnich noch dea gers, de kij moasten de winterfoarried yn de simmer al opfrette. Heit is al in jier as wat wei, mar yn 1976 wie er oars as oars. Hy liet sels de snor stean fan klearebarre idioatichheid. Der like gjin ein oan de waarmte te kommen en it bedrach oan molkjild waard lytser en lytser omdat de kij hast net op de molke te hâlden wienen. We besochten om it lân wiet te meitsjen mar dat draaide ek op neat út. Oan de ein fan de simmer kocht heit fan de foerkeapman in frachtwein fol mei geweldich earste sneed Dútsk hea. Doe't we it thús krigen, bliek it earste sneed bermhea te wêzen dêr't sels de geit gjin molke fan jaan woe. Doe ha we noch kuil kocht fan buorman Hindrik, de pake fan Sven Kramer, dy't ús buorman wie.

Heit hat doe wolris sein, as it ea wer reint, draaf ik yn de bleate kont om hûs hinne. Oft er dat dien hat wit ik net, mar we ha doe wol sein dat we net graach wer sa'n jier meimeitsje woenen. It kaam dizze wike allegearre wer even yn myn gedachten foarby doe't wy op in kurkdrûch Amelân ús fakânsje fierden. Wy sieten trouwens yn in griene oaze, ús gastfrou hie 60 jier lyn al in put slein litten dêr't se no noch genot fan hie, se bereinde jûns de tún en dy wie prachtich.

De boeren fan it eilân ha al foer kocht op de fêste wâl, omdat se fierstente min fretten foar de winter ha. Ik hoopje foar harren dat it better fan kwaliteit is dan dy frachtwein fol mei earste sneed Dútsk bermhea út 1976."

(advertinsje)