Moannefertsjustering te sjen yn Fryslân, mar wol dizich

27 jul 2018 - 23:07

De moannefertsjustering wie freedtejûn wol te sjen yn Fryslân, mar it wie wol dizich. By de Volkssterrenwacht yn Burgum wie it drok mei belangstellenden.

Foto: ANP

Mar ek op de Westerseedyk by Harns wie in soad folk om it natuerferskynsel te oanskôgjen. It hichtepunt wie om healwei alven hinne. De totale fertsjustering duorre yn totaal sa'n oardel oere. Op 21 jannewaris takom jier is der wer in saneamde 'bloedmoanne'.

Beharkje ús reportaazje oer de Bloedmoanne yn Burgum

(advertinsje)