Bestjoer KNKB wol elkenien meitinke litte oer feroaringen

27 jul 2018 - 22:56

Der moat wat feroarje yn de keatssport. Dy moat oantrekliker makke wurde, it ledetal moat groeie en der moat mear publyk by de wedstriden komme. Dat wolle keatsleafhawwers al langer en as we it foarwurd yn it blêd Keats lêze, dan sjogge we dat bestjoerders dat sels ek wolle. Dirk Kuperus, haadbestjoerslid fan de KNKB, skriuwt dat der wat barre moat en dat de diskusje fierd wurde moat oer feroaringen.

Foto: Henk Bootsma

"It feroarjen begjint eins by de ferieningen", seit Kuperus. "Dêrom ha ik yn dat foarwurd in tal stellingen dellein, dêr't de minsken oer neitinke meie." Ien fan de punten dy't Kuperus oanstippet is it 'sjoemeljen' mei de keatswant. "Dêr bliuwt altyd 'reuring' oer. We moatte sels ek fêststelle dat de regleminten noch net goed fêsttimmere binne. Dus we moatte ússels ek goed de spegel foar hâlde."

Dirk Kuperus oer de takomst fan it keatsen

In oare stelling fan Kuperus giet oer de regel dat keatsers no allinnich foar harren eigen ôfdieling útkomme meie. Is dat noch fan dizze tiid, freget Kuperus him ôf. "Dêr mei elkenien even oer neitinke, Ik kin my hast gjin sport betinke wêryn't je útkomme moatte foar it doarp of de stêd dêr't je wenje. Dêr bliuwt it keatsen wol efter en is it wol hiel tradisjoneel. As je dan yn in plak wenje mei mar ien keatser, kinst eins net meidwaan mei de ôfdielingswedstriden. Ik soe graach wolle dat minsken dêr oer neitinke."

Oer de takomst fan it keatsen wurdt al jierren diskusjearre, mar it is in dreech proses. "Dêrom moatte we it der yn elts gefal mei de ferieningen oer ha", seit Kuperus. "We moatte mei foarbylden komme dat ferieningen de needsaak fiele om te feroarjen. It liket my in geweldige útdaging om dêr nei dit seizoen mei de ferieningen oer te 'brainstormjen'. Ik wol ek dat de keatsers en de taskôgers der wat fan fine, elkenien moat der wat fan fine."

Trefwurden: 
keatsen KNKB Dirk Kuperus
(advertinsje)