Nard Brandsma wint fierljeppen Bûtenpost, Wisse Broekstra ljept PR

27 jul 2018 - 21:44

It fierljeppen yn Bûtenpost is freed wûn troch Nard Brandsma. Gjinien fan de ljeppers koe in ôfstân fan 19 meter delsette en dus wie de 18.90 fan Brandsma genôch foar de oerwinning. By de senioaren wie it kwa ôfstannen de minste wedstriid fan it seizoen, nettsjinsteande de protte taskôgers en goede baan. It hichtepunt fan de jûn kaam fan Wisse Broekstra. Yn de topklasse fan de jonges sette hy mei 18.03 meter in persoanlik rekôr del.

Wisse Broekstra - Foto: Martin de Jong

Nard Brandsma kaam mei syn tredde sprong ta 18.90 meter. Dêrfoar hie er al 18.88 sprong. Hannes Scherjon kaam yn de foarronde net fierder as 16.85. Hy ferbettere him yn de finale noch wol ta 18.61 en dat wie genôch foar it twadde plak. Sytse Bokma sprong 17.80 meter. Bokma liet krekt as Brandsma de finalesprongen oan him foarby gean, om him te sparjen foar de Nasjonale Fierljepmanifestaasje fan sneon op It Heidenskip.

By de froulju gie de oerwinning nei Akke Dijkstra, dy't in thúswedstriid sprong. Se gie as twadde de finale yn, mar mei har lêste sprong sette se de winnende ôfstân fan 14.99 del. Anneke Broersma waard mei 14.46 twadde, Boukje de Boer pakte it tredde plak mei 13.66.

By de junioaren gie de oerwinning alwer nei Freark Kramer. Hy kaam ta 18.16 meter.

Dik PR foar Wisse Broekstra

Wisse Broekstra út Tsjummearum sette by de jonges in dik persoanlik rekôr del. Mei de 18.03 meter hie er him by de senioaren sels pleatst foar de finale. Foar dit seizoen hie Broekstra (14 jier) noch nea 16 meter sprong. Mei syn fiere ôfstannen is Broekstra, noch mar yn syn twadde jier by de jonges, no ek klassemintslieder by de jonges. Hy is Rutger Haanstra foarby, dy't yn Bûtenpost twadde waard. Broekstra is lid fan de fierljepferiening út Winsum en dêr wurde op 11 augustus ek de Fryske kampioenskippen hâlden. Winsum hat dus in favoryt foar ien fan de titels.

By de famkes pakte Bente Vlas út Heech de oerwinning. Mei har lêste finalesprong sette se 14.37 del en dat wie fierder as de 14.13 fan Tirza Boschma, dy't twadde waard. Femke Rispens waard tredde mei 13.74. Sy rekke by har lêste sprong blessearre.

(advertinsje)