VLOG: de Tall Ships ferbliuwe yn Noarwegen

27 jul 2018 - 21:18

Nienke Sinnema út Ljouwert docht op De Wylde Swan mei oan de Tall Ships Races. In wike lyn kamen se oan yn Esbjerg en de ôfrûne dagen wienen se yn Noarwegen. Lykas in wike lyn hat Nienke oan it filmjen west: ûnderweis nei de Noarske stêd Stavanger ta en ek yn Noarwegen tusken de fjorden.

"Ek hjir is it waarm", fertelde Nienke freed yn Weistra op Wei. "Net sa waarm as yn Nederlân, mar wol ûngefear 30 graden."

Se ha de ôfrûne wike net oan it racen west. De reis fan Esbjerg nei Stavanger ta wie in 'cruise in company', leit Nienke út. "Dan ha we wat âldere gasten oan board."

"Wy ha de fjorden even yn west. Dat wie hiel moai, want normaal sjochst allinnich mar wetter. We ha ek even swommen yn de fjorden."

De twadde etappe giet fan Stavanger nei Harns. Dêr komme de Tall Ships freed 3 augustus oan. By dy twadde etappe geane trainees mei. Dy komme sneon yn Stavanger en wurde dan meinommen yn it echte libben op see.

Nienke Sinnema yn Stavanger

(advertinsje)